Strânhimmelers fine lintsjes

De himmelaksje op Skylge hat it ôfrûne wykein in soad ôffal opsmiten. De resultaten binne freed bekend makke. It opfallendste dat fûn is, is in winkelkarre fol mei nylon ballonlintsjes.
Twahûndert leafhawwers fan it Waadgebiet hawwe it ôfrûne wykein goed tweintich kilometer strân op Skylge skjinmakke. Mei-inoar hawwe se goed 25 kúb ôffal ynsammele. It opromwykein wie in inisjatyf fan de Waadferiening, Steatsboskbehear en de gemeente Skylge.