Dochs jild werom foar ID-kaart

30 sep 2011 - 10:54

Ynwenners fan Achtkarspelen dy't it lêste jier in ID-kaart oanfrege hawwe, krije jild werom. It makket de gemeente net út oft sy no wol of net offisjeel beswier yntsjinne hawwe. It ryk kompinsearret de gemeente oars allinnich as ynwenners offisjeel beswier oantekenje. De Hege Ried besleat okkerdeis dat ID-kaarten fergees wêze moasten. Mar sûnt 22 septimber moat wol wer betelle wurde. Minister Donner fierde dêrfoar in needwet yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)