Kaartferkeap bekerduel rêstich

29 sep 2011 - 21:57
  • Der wie gjin run op de kaarten fan de Boys

De kaartferkeap foar de bekerwedstriid Harkemase Boys en SC Hearrenfean falt oant no ta ôf. Mei-inoar binne op de earste jûn 1200 kaarten ferkocht. Guon fans kochten wol in soad tagelyk. Se giene nei hûs mei mear as fyftich stiks. Harkemase Boys hat goed fiiftûzen kaarten foar de fans, allegearre foar de súdtribune. In pear jier lyn soarge de kaartferkeap foar de bekerwedstryd tusken de Boys en Feyenoord noch foar lange rigen op sportpark De Bosk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)