Grutte ferkearskontrôle A32

Alle auto's wurde oan de kant setten
By in ferkearskontrole op de A32 by Teridzert binne tongersdeitejûn santjin bestjoerders fan de dyk helle foar belestingskulden. Alve hawwe fuortendaalks betelle. Seis koene dat net en fan harren waard de auto yn beslach naam. It giet mei-inoar om in belestingskuld fan 16.000 euro. Fjouwer autobestjoerders krigen proses-ferbaal om't se ûnder ynfloed wiene fan ferdôvenjende middels.
Der binne ek bekeurings útskreaun foar glêde bannen en stikkene ferljochting.