Nije oanpak fan hûnestront

29 sep 2011 - 21:02
  • Foto: Omrop Fryslân

It CDA Ferwerderadiel hat in nij plan betocht om oerlêst fan hûnestront en te hurd ridende auto's tsjin te gean. Ynwenners moatte sels yn 'e gaten hâlde wa't in oertrêding makket. De namme kinne se dan trochjaan oan de buertferiening of doarpsbelang. Sy moatte de nammen dan trochspylje oan de gemeente. Dy soarget der dan foar dat de oertrêder in brief krijt fan de gemeente of plysje.

Doarpsbelang Marrum wol net oan it plan meiwurkje. It is in plysjetaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)