Aldereinwinkel Ljouwert ticht

© Omrop Fryslân
De Aldereinwinkel yn Ljouwert giet ticht. Op 15 oktober binne de doarren fan de winkel oan de Archipelwei foar it lêst iepen. Minsken dy't in rollator, rolstoel, spesjale tillefoan of oare helpmiddels nedich ha, moatte dan in oar adres sykje.
Trije jier lyn waard de âldereinwinkel iepene. Mar eigner Esther Smith ferhuzet nei it bûtenlân. Der wie net ien beskikber dy't de winkel oernimme koe.