Jild foar Flechtlingewurk

Vluchtelingenwerk Noord-Nederland krijt in strukturele subsydzje fan 90.000 euro jiers fan de gemeente Hearrenfean. Fan dat jild kin flechtlingewurk alle jierren sa'n 24 flechtlingen yn de gemeente helpe.
De organisaasje jout ûnder oare help by húsfesting en it ynrjochtsjen fan in wenning. Ek jouwe se maatskiplike en finansjele begelieding. De gemeenteried moat him yn novimber noch útsprekke oer it foarstel fan it kolleezje fan b. en w.