Kandidaten wethâlder Harns

29 sep 2011 - 16:20

Foar de fakateure fan wethâlder yn Harns is in soad belangstelling. Neffens fraksjefoarsitter Jennifer Steevensz fan koalysjepartij Frisse Wind hawwe har al ferskate minsken oanmeld. De proseduere is woansdei yn gong set. De advertinsje wurdt sa gau mooglik pleatst.

Neffens Steevensz is it profyl gelyk as by de foarige wethâlder Jan de Boer. Dy stapte earder yn septimber op. De nije wethâlder moat yn Harns komme te wenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)