Explore the North yn Ljouwert

29 sep 2011 - 10:53

Yn Ljouwert wurdt dit jier foar it earst in festival hâlden dat hielendal giet oer muzyk, literatuer en poëzy út it Noarden. It festival hjit 'Explore the North' en wurdt hâlden op de Tweebaksmarkt. It festival wol dat der mear ynternasjonale útwikseling ûntstiet, mei bygelyks Noarwegen, Sweden en Denemarken.

Sa is der in optreden fan de Sweedske sjonger Loney Dear. Fierder binne der ek Fryske acts te sjen. Yn Tresoar is tagelyk in literêr sympoasium.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)