Gjin rydbewiis: auto kwyt

29 sep 2011 - 10:46

In Ljouwerter (18) is woansdeitenacht syn auto kwytrekke by Marsum omdat er sûnder rydbewiis ried. By in alkoholkontrôle op de ôfrit fan de N383 seagen plysjes dat in auto 200 meter foar it kontrôleplak de ljochten útdie. De automobilist is oanhâlden.

De bestjoerder sei dat de motor útfallen wie, mar dat bliek in útflecht: hy hie gjin rydbewiis. De plysje fertroude net dat er de auto stean litte soe en gie der achteroan doe't de man de motor wer starte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)