Nevepleach troch wiete simmer
De wiete simmer dy't we de lêste moannen hân hawwe, soarget foar in wiere nevepleach. It meast ferfelende is dat dy al sûzjende en stekkende ynsekten ek noch it hûs yn wolle. Dat betsjut foar guon minsken sliepeleaze nachten.
Troch de wiete simmer binne der in soad plakjes dêr't wetter stean bliuwt en dat makket de omstannichheden foar neven ideaal.