50.000 foar Ecopark E'wâlde

Ecostyle hat it inisjatyf nommen foar it eco-bedriuwepark
Eaststellingwerf krijt 50.000 euro fan it ryk foar it Eco-bedriuwepark by Easterwâlde. It giet om in noch te bouwen bedriuweterrein fan 17 bunder. Unyk yn Europa, want it wurdt CO2- neutraal en selsfoarsjennend wat wetter en enerzjy oanbelanget.
Ek komme de bedriuwen fier út inoar, sadat der romte is foar de natuer. Ecomunitypark is in inisjatyf fan Ecostyle, in bedriuw dat spesjalisearre is yn duorsume meststoffen en gewaaksbestriding.