Restauraasje rêdingboat Skylge

28 sep 2011 - 14:58

De Brandaris fan Skylge wurdt behâlden en restaurearre troch de Stichting Behâld op Skylge. De stichting set him yn foar behâld en restauraasje fan âlde motorrêdingsboaten. Tusken 1923 en 1960 waard mei de motorboat it libben fan mear as 500 minsken rêden.

Neffens de stichting hat it skip in grutte histoaryske en kulturele wearde foar Skylge. De renovaasje sil ein oktober úteinsette en sil yn 'e simmer fan 2012 klear wêze. De kosten fan de renovaasje binne sa'n 200.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)