Fryske liften yn provinsjehûs

28 sep 2011 - 14:50
  • De bou fan it nije provinsjehûs sjit al aardich op

De liften yn it nije provinsjehûs moatte ek Frysk 'prate' kinne. Dat fine de steatefraksjes fan PvdA en PVV. De partijen ha hjir fragen oer steld. Se fine de foarstelde oanpassing net allinnich symboalysk.

De partijen fine dat elk yn it hûs fan de Friezen yn it Frysk oansprutsen wurde moatte kin. Dêrneist moatte ek fisueel handikapten yn eigen taal betsjinne wurde, sa fine se. De fraksjes fine wol dat de oanpassing net al tefolle ekstra jild kostje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)