Man ferstoarn nei auto-ûngelok

28 sep 2011 - 12:13

De 20-jierrige Ljouwerter dy't yn de nacht fan 21 op 22 septimber swier ferwûne rekke by in ûngelok op de Saturnuswei yn Ljouwert is tiisdeitenacht ferstoarn yn sikehûs MCL. De man siet achter it stjoer fan de auto dy't fan it talúd ôf rekke en tsien meter leger op de kop yn in sleat neist it spoar telâne kaam.

By it ûngelok rekken ek twa ynsittenden fan 20 en 28 jier swier ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)