Iishal Ljouwert snein iepen

Rûnom yn Nederlân stelle iisbanen de iepening in wike út fanwege it waar, mar net yn Ljouwert. De Ljouwerter iishal giet kommend wykein iepen. Mei man en macht wurdt wurke om it iis laachje foar laachje op de flier te krijen, want de iisklups wolle ride en moandei begjint it reedriden foar skoallen wer.
Ferline jier ha der mear as 100.000 riders op de baan west. Iismaster Meindert Timmerman tinkt dat de iishal op 'e tiid klear is, ek al is it waarm.