Sulveren skûtsje yn museum

28 sep 2011 - 10:19
  • It sulveren skûtsje yn it museum (foto: Janjelle Ringnalda)

It Frysk Skipfeartmuseum yn Snits hat woansdei it sulveren skûtsje fan Douwe Egberts krigen. It sulveren skûtsje wie fan 1988 oant 2008 de wikselpriis foar de winner fan it SKS-skûtsjesilen. It skûtsje kaam wer by Douwe Egberts werom doe't it bedriuw ophâlde fan sponsorjen, mar it bedriuw fynt dat de trofee better op syn plak is yn it skipfeartmuseum.

It museum hat al mear skûtsjeprizen yn 'e kolleksje. It sulveren skûtsje is te sjen yn de renovearre skûtsjeseal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)