Fúzje-amtner by Friese Meren

27 sep 2011 - 17:38

De gemeentesiktaris fan Smellingerlân wurdt de heechtste amtner fan de nije fúzjegemeente Friese Meren. Leendert Maarleveld wurdt projektlieder foar de weryndieling en adviseur fan de stjoergroep. Nei de fúzje sil er gemeentesiktaris wurde.

De gemeenten Gaasterlân-Sleat, Skarsterlân en Lemsterlân wurkje oan in fúzje mei yngong fan 1 jannewaris 2013. Der hiene 89 minsken sollisitearre om gemeentesiktaris fan de nije gemeente te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)