Van der Meer:'Foppe is wolkom'

27 sep 2011 - 16:21

Neffens Bart van der Meer, foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Sportklup Hearrenfean, is Foppe de Haan fan herte wolkom. Takom freed moat technysk direkteur Johan Hansma syn fisy op de rol fan De Haan binnen SC Hearrenfean taljochtsje oan direkteur Veenstra en Van der Meer.

Van der Meer wie noch net op de hichte fan dat petear. "Salang't er oaren net foar de fuotten rint, is der neat mis mei om fan Foppe syn kennis gebrûk te meitsjen," sa seit Van der Meer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)