Healjier sel fee-eksporteur

27 sep 2011 - 15:51

In fee-eksporteur út Dronryp moat fan de rjochter in healjier de sel yn fanwege fraude mei bloedmeunsters fan kij. Dêrby waarden meunsters fan bisten dy't besmet wiene mei blautonge ferwiksele mei dy fan sûne. De kij koene sa nei it bûtenlân eksportearre wurde. It bedriuw fan de feekeapman moat ek 125.000 euro boete betelje.

De eksporteur wurdt troch de rjochter sjoen as haadskuldige. In eardere feedokter út Wommels moat fanwege fraude ek in healjier de sel yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)