Harkemase Boys op súdtribune

Harkemase Boys wol besykje de folsleine súdtribune fan it Abe Lenstra stadion fol te krijen mei supporters. Dat seit foarsitter Pieter Spinder. Tiisdei 25 oktober spilet Harkemase Boys tsjin SC Hearrenfean yn de tredde ronde fan de KNVB-beker.
Harkemase Boys wol besykje de priis fan de tagongskaarten leech te hâlden. Tiisdeitemiddei sille beide klups mei-inoar yn petear oer de wedstriid en de feiligens om de wedstriid.