Foppe de Haan yn wachtkeamer

27 sep 2011 - 13:33

De komst fan Foppe de Haan nei SC Hearrenfean is net wis. De âld-trainer hat de ôfrûne wiken petearen fierd mei technysk direkteur Johan Hansma. De útkomst is dat De Haan in funksje krijt binnen de jeugdoplieding.

Takom freed moat Hansma syn fisy op de rol fan De Haan binnen SC Hearrenfean taljochtsje oan direkteur Robert Veenstra en de foarsitter fan de rfk, Bart van der Meer. De Haan fynt dat it allegear te lang duorret en hat sels oerwage om him werom te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)