Nij DNA-ûndersyk saak-Vaatstra

27 sep 2011 - 11:45

Bauke Vaatstra wol in folslein nij en ûnôfhinklik DNA-ûndersyk nei alle spoaren yn de moard op syn dochter Marianne. Vaatstra en syn advokaat Job Knoester hawwe justysje frege alle DNA-profilen beskikber te stellen.

Vaatstra wol alle DNA ûndersykje litte by it IFS (Independent Forensic Services) omdat er gjin fertrouwen yn it NFI (Nederlands Forensisch Instituut) mear hat. As it net oars kin, wol Vaatstra it ôfjaan fan de DNA-profilen mei in koart pleit ôftwinge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)