Loads Omrin slim skansearre

De grutte âld papierloads fan Omrin oan de Greunswei yn Ljouwert is slim skansearre troch de grutte brân fan tiisdeitemoarn. De wand oan de eastkant gie folslein ferlern en ek de konstruksje is skansearre. Itselde jildt foar de ynstallaazje mei sinnekollektoaren op it dak.
De miljeustrjitte fan Omrin oan de Greunswei is wol gewoan yn bedriuw. Ek it ynsammeljen fan âld-papier giet gewoan troch, lit Omrin wite. It âld papier sil op in oar plak opslein wurde.