Jouster mei fyts op auto
In 32-jierrige Jouster is moandeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. De man fytste yn in groepke oer de Geert Knolwei en stuts ynienen de dyk oer. In 30-jierrige autobestjoerder koe him net mear ûntwike.
De fytser klapte op de motorkap fan de auto en kaam dêrnei yn de boskjes telâne. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.