Gjin nije huzen De Fochtel

27 sep 2011 - 07:31

Ynwenners fan De Fochtel binne bot teloarsteld dat se foarearst gjin nije huzen bouwe meie. De jongerein wol graach yn it doarp wenjen bliuwe. Dat like mooglik mei in plan foar nijbou op de iisbaan.

De gemeente Eaststellingwerf woe wol meiwurkje oan de realisaasje fan de plannen. De provinsje lykwols net en dat betsjut dat de nijbou no net trochgean kin. Neffens de ynwenners lûke de jongeren dêrtroch út it doarp wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)