Brân yn papierloads Ljouwert

Yn in papierloads fan ôffalferwurker Omrin oan de Greunswei yn Ljouwert is tiisdeitemoarn om fiif oere hinne brân útbrutsen. In meiwurker ûntduts it fjoer doe't er de loads ynkaam. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer nei bûten sloech.
Troch de brân kaam der in soad reek frij. De plysje advisearre om ruten en doarren ticht te hâlden. Neffens de plysje binne by de brân gjin skealike stoffen frijkaam.