Jong H'fean wint fan koprinner

Jong Hearrenfean/Emmen
Jong Hearrenfean/Emmen hat moandei mei 4-1 wûn fan koprinner Jong Heracles Almelo. De Feansters hiene in 'pikstart'.Nei goed in minút joech Doke Schmidt it lêste tikje nei in hoekskop fan Quenten Martinus. Martinus makke sels de 2-0 nei in moaie oanfal.
Nei it skoft waard it 3-0 troch Tobias Kainz en 4-0 troch Arsenio Valpoort. De tsjintreffer wie fan Luis Pedro. Jong Hearrenfean is no twadde mei 12 út 5, ien punt minder as Jong FC Twente.