Needklok foar Frysk ûnderwiis

26 sep 2011 - 19:57

De Feriening foar Frysk Underwiis FFU wol yn Den Haach ekstra jild los krije foar it oplossen fan de grutte problemen mei it Frysk yn it ûnderwiis. Se ha dêrfoar in brânbrief stjoerd. Sa is der noch altyd gjin ynspeksje mooglik troch it ûntbrekken fan kritearia foar it Frysk.

Dêrtroch bliuwt ek it Frysk ûnderwiis yn kwaliteit achter. En dat wylst de Nederlânske oerheid neffens it Europeesk Hânfêst fan de Ried fan Europa ferplichte is dat te feroarjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)