Sera yn finale songfestival

26 sep 2011 - 18:03

De 11-jierrige Sera út Drachten sit yn de finale fan it juniorsongfestival fan de AVRO. Sera hat in saneamde wildcard krigen. Dat betsjut dat genôch minsken op ynternet op har stimd hawwe.

Sera die earder dizze moanne mei oan ien fan de heale finales fan it juniorsongfestival. Se waard doe net troch sjuery en publyk útkeazen. As Sera sneon de finale wint,mei se yn desimber meidwaan oan de ynternasjonale finale yn Armenië.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)