Jild foar Parkinsonsoarch

26 sep 2011 - 16:37

Fiif sikehûzen yn Noard-Nederlân krije jild om in ferpleechkundige foar de sykte fan Parkinson yn tsjinst te nimmen. Yn Fryslân giet it om it MCL yn Ljouwert en it Antoniussikehûs yn Snits. De 80.000 euro komme fan de Parkinson Vereniging en it Parkinson Platform Noord-Nederland.

De sikehûzen krije de subsydzje foar ien jier. Se moatte dan wol de ferpleechkundige trije jier yn tsjinst hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)