Muurke mooglik nei teater

It guod fan it ferneamde Sneker Muurke kin ek nei it nije teater yn Snits. Oant in pear wike ferlyn hong it guod yn it stedhûs fan Snits. Fanwege de gemeentlike fúzje moast it dêrwei. Dat soarge foar argewaasje, by ferneamde Snitsers en by de polityk.
De gemeente is ek al mei it Frysk Skipfeartmuseum yn ûnderhanneling oer de oername fan it guod fan it Sneker Muurke. It is no noch net bekend wêr't it guod hinne giet.