Motorrider ferwûne by botsing

In 22-jierrige motorrider út Drachten is sneintemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn it Grinslanner Noordwijk. De man ried oer de Noorderweg en waard oer de holle sjoen troch in 79-autobestjoerder út Roden. Hy klapte op de motorrider. It slachtoffer hie ûnder oare ferwûnings oan de heupe en moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De automobilist kaam mei de skrik frij. De motor en de auto binne fuortsleept.