Dronken man oppakt op Nijstêd

26 sep 2011 - 10:03

Op de Nijstêd yn Ljouwert hat de plysje sneintemiddei in man fan 53 jier oanhâlden. Hy rûn op strjitte en dronk wyn út in flesse. De man wie dronken en koe him tsjinoer plysje net identifisearje.

Op it plysjeburo waard by in kontrôle fan syn tas in mes fûn. De drank en it mes binne yn beslach naam. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)