Wer ûngelok hynstewein

25 sep 2011 - 18:34

Yn Aldemardum is sneintemiddei in man swier ferwûne rekke by in ûngelok mei hynder en wein. Hy is mei in traumahelikopter nei it UMCG yn Grins ferfierd.

It ûngelok barde om 16.20 oere hinne. De man makke mei syn frou in ritsje, doe't de twa hynders foar de wein op'e rin rekken. De man en de frou waarden út de wein slingere. De frou is mei lichtere ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)