Himpkwekerij yn Harns oprôle

25 sep 2011 - 12:56

Op de Ropens yn Harns is sneon in himpkwekerij oprôle troch de plysje. De plysjes kamen op it spoar troch de sterke lucht yn de buert. Doe't se oanbellen by ien fan de huzen, besocht in man hurd fuort te kommen.

De plysje koe him oanhâlde en dêrnei waard syn wenning trochsocht. Binnen waard de kwekerij fûn mei dêrby de rispinge fan 16 kilo toppen. De stroom waard yllegaal ôftape. De apparatuer en de planten binne yn beslach nommen. De man út Harns (50) sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)