Fiif oanhâldings fjochtpartij

Op de Nijstêd yn Ljouwert binne sneontenacht fiif manlju oanhâlden by in fjochtpartij. Plysjeminsken seagen dat der by in diskoteek fochten waard, doe't in portier in klant de doar útwurke. Doe't de plysjeminsken besochten yn te gripen, waarden ek sy oanfallen. Uteinlik waarden fiif manlju oanhâlden.
Sy binne tusken de 20 en 31 jier âld en komme út Tsjummearum en Ljouwert. Se sitte noch yn de sel, yn ôfwachting fan it ûndersyk fan de plysje.