Tritich sike bern de loft yn

Hessel Vellinga yn it fleantúch mei achter him syn heit (foto: Roelof Lousma)
Op de Airstrip fan Drachten meie snein tritich slim sike bern in rûntsje fleane yn in fleantúch. De dei wurdt organisearre troch de Stichting Hoogvliegers.
Foar de measte bern is it de earste kear dat se yn in fleantúch sitte. Se meitsje ûnder oare in rûntsje boppe harren eigen wenplak. Ien fan de bern dy't de loft yn gie is Hessel Vellinga fan Noardburgum. Hessel hat in spiersykte. Hy mocht mei syn heit in rûntsje boppe Noardburgum fleane.