Hynder op 'e rin yn Nijhoarne

24 sep 2011 - 12:29

By de Flaeijelfeesten yn Nijhoarne binne sneon trije minsken licht ferwûne rekke nei in ûngelok mei in hynstewein. It giet om twa minsken út Frjentsjer en in frou út Switserlân.

It ûngelok barde doe't in hynder dy't meirûn yn 'e optocht troch it doarp op 'e rin gie, op in oare wein botste en it publyk yn fleach. De ferwûnen binne nei it sikehûs brocht. In losrekke haadstel wie de oarsaak fan it ûngelok. De organisaasje is bot skrokken fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)