Hafabra-bûnen fusearje

24 sep 2011 - 12:23

De fúzje fan de twa Fryske hafabra-bûnen is rûn. It kristlike CBMF en it net-kristlike KNFM geane fan no ôf fierder ûnder de namme Organisatie Muziekverenigingen Fryslân (OMF).

It is unyk yn Nederlân dat de bûnen de lapen gearsmite. Lanlik wurdt al skoften oer in fúzje praat, mar dat is oant no ta net slagge. Foar Fryske brassband-, fanfare- en harmony- orkesten is de fúzje tige wichtich. Se krije no mear sizzenskip en de kontribúsje kin omleech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)