Himmelaksje strân Skylge

24 sep 2011 - 10:12

Op it strân fan Skylge wurdt sneon de jierlikse himmelaksje fan de Waadferiening hâlden. Mear as 200 frijwilligers dogge der oan mei. Mei in lytsere groep wurdt snein ek noch de kant fan it Waad skjinmakke. Alle jierren wer spielt der in soad smoargens oan op de strannen.

Neffens de Waadferiening is it dreech om hjirfoar in oplossing te finen. Skippen kinne har ôffal maklik yn see dumpe, omdat tafersjoch dêrop hiel lestich te regeljen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)