Miljoenen foar kij yn greide

23 sep 2011 - 21:47

Suvelkonsern FrieslandCampina lûkt jierliks 45 miljoen euro út om boeren safier te krijen de kij yn de greide te litten en net op stâl. It melkfee moat seker 120 dagen, seis oeren deis, bûten stean.

Boeren dy't dit dogge, krije dêrfoar 50 sint ekstra foar eltse 100 kilo molke. No is dat noch fiif sint. Neffens it bedriuw is der genôch draachflak foar dizze regeling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)