Man oanriden, auto rydt troch

23 sep 2011 - 20:51

De plysje is op syk nei tsjûgen dy't sjoen hawwe dat freedtemoarn betiid in man oanriden waard yn Ljouwert. In 51-jierrige ynwenner fan de stêd stuts moarns om kertier foar sânen de krusing fan de Grinzerstrjitwei en de Bleekleane oer. Dêr waard er oanriden troch in auto.

Mei ferwûnings oan 'e holle is er mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De automobilist is trochriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)