Sânspuitsjen It Amelân klear

Foto: Omrop Fryslân
Rykswettersteat is klear mei it opspuitsjen fan sân op it strân en foar de kust fan It Amelân. Mei grutte masines is der 9 miljoen kúb sân út see wei nei it Waadeilân brocht. Soe Rykswettersteat it sân net opspuitsje, dan soe in grut diel fan it eilân yn de fiere takomst ferdwine.
It wurk is yn maaie 2010 op it midden fan it eilân úteinset. It hat al mei al oardel jier duorre. Rykswettersteat tinkt dat se yn 2014 of 2015 wer sânspuitsje moatte op it eilân.