Assaidi werom by Hearrenfean

Oussama Assaidi
Oussama Assaidi stiet sneontejûn wer yn de basis by SC Hearrenfean tsjin Heracles Almelo. De oanfaller krige yn de bekerwedstriid tsjin VVV rêst fan de technyske stêf. Quenten Martinus nimt dêrtroch wer plak op de bank. Fierder feroaret trainer Ron Jans neat oan de opstelling.
Arnold Kruiswijk is noch altyd ôfwêzich mei in blessuere oan de rêch. Ferdediger Doke Schmidt sit foar it earst nei syn skorsing (hy krige read tsjin Feyenoord) wer by de seleksje.