QR-basketbalfjild It Fean

23 sep 2011 - 16:54

Wethâlder Hartsuiker hat tongersdei op It Hearrenfean fan it nije QR-basketbalfjild de namme ûnbleate. It fjild hjit Basketballcourt 2.0 Hearrenfean.

It Hearrenfean hat mei it fjild de primeur fan Nederlân. It is it earste iepenbiere basketbalfjild mei in QR-koade. It digitale QR-plaatsje kin op de mobyl ynscand wurde. Basketbalfreonen kinne sa fergees oer de tillefoan oan elkoar witte litte dat se op it fjild binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)