Undersyk nei kwelder

23 sep 2011 - 16:01
  • Foto: Omrop Fryslân

De oanlis fan in nije kwelder yn it Noarderleech, tsien jier ferlyn, wurdt no nochris tsjin it ljocht hâlden yn opdracht fan behearder It Fryske Gea. Oan de Waadkust is doe by wize fan proef 135 bunder simmerpolder wer ta kwelder makke. Omdat dat noch folle mear barre moat, wol de natuerorganisaasje witte oft de proef fertuten dien hat.

In ûnôfhinklik buro sil it ûndersyk útfiere. Dat wurdt foar it grutste part betelle út it Waadfûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)