Ambassadeurs paralympics

23 sep 2011 - 15:34

Twa Fryske jonges besykje dit wykein yn Amsterdam ambassadeur fan de hendikeptesport te wurden. Jelmer Kleefstra (14) út Noardburgum en Ysbrandus van Popta (15) út Nijlân sitte yn in rolstoel. Beide Friezen sitte sûnt koart yn it Nederlânske paralympysk basketbalteam. Dêrom meie se dit wykein op in spesjaal ynternasjonaal kamp stride om it ambassadeurskip. Der binne njoggen Nederlânske dielnimmers. Sawat de helte mei ambassadeur wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)