Mear geheime opfangplakken

23 sep 2011 - 14:36

Der komme twa nije geheime opfangplakken foar fammen by. It giet om in tredde Asjahûs. Dat binne opfanghuzen foar fammen dy't foar loverboys as hoer wurkje moatte. Fierders komt der in twadde Zahir. Dat is opfang foar fammen dy't lije ûnder earewraak of de driging dêrfan. In opfanghûs hat plak foar acht. Dat is lang net genôch om elkenien op te nimmen. Oant no ta binne twahûndert fammen ôfwiisd. Foar inkeld dit jier al leit it tal ôfwizings op fyftich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)