Sulveren Skûtsje nei museum

It Frysk Skipfeartmuseum yn Snits krijt it Sulveren Skûtsje fan Douwe Egberts. Fan 1988 oant 2008 wie DE haadsponsor fan it SKS-skûtsjesilen. De haadpriis is in sulveren model fan in skûtsje, beskikber steld troch de sponsor. Doe't der in ein kaam oan de sponsorperioade, kaam it skûtsje wer yn it besit fan Douwe Egberts.
De direksje fan DE fynt dat de priis better past yn it museum as op kantoar by it bedriuw. It Sulveren Skûtsje krijt in plakje yn de nije skûtsjeseal.